VV Kollum hat wiete fuotten

04 des 2002 - 00:00

Fuotbalferiening Kollum hat te lijen fan dweiltrochwiete fjilden. Foar training moatte de spilers útwike nei in parkearterrein by in supermerk. De feriening luts tiisdei oan de belle by de gemeente Kollumerlân. De minne fjilden kostje de club op den duer leden, sa sei wurdfierder Veenstra.

Wethâlder Koster sei dêrop ta de ôffier fan wetter te ferbetterjen. Op útnoeging fan de club ynspektearje de riedsleden de fjilden takom tiisdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)