Noarderlingen fertsjinje tefolle

© Omrop Fryslân
Noarderlingen fertsjinje tefolle. Om de wurkleazens tsjin te gean, moatte de leanen nei ûnderen. Dat seit heechlearaar Oosterhaven oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy pleitet foar ôfspraken op regionaal nivo oer lean.
De regio's moatte fleksiber ynspringe kinne op de feroaringen op de arbeidsmerk. Yn de soarch en it ûnderwiis, dêr't krapte is, hoege de leanen net nei ûnderen. Oosterhaven fynt dat se dêr mear jild ha moatte.