Sint docht goede saken

© Omrop Fryslân
In echte raazje op it mêd fan boartersguod is der dit jier net. Wol dogge boartersguodwinkels goede saken, nettsjinsteande de ekonomyske malêze.
Gruthannel Van der Meulen yn Snits hat fiif prosint mear ferkocht as ferline jier. Spultsjes binne noch altyd populêr en ek de ûnsinnige, grappige kadootsjes geane as waarme broadsjes oer de toanbank lykas bargenoazen en 'skeetkessens'.