Lilk oer flechten Lauwersmar

03 des 2002 - 00:00

Fryslân en Grinslân binne lilk op definsje. De beide provinsjes freegje it ministearje dúdlikheid oer flechten oer it Lauwersmargebiet. By oefeningen tusken 21 en 24 oktober fleagen de fleantugen hiel leech oer in camping en in natuergebiet. Der wie gjin fergunning foar ôfjûn.

De provinsjes sizze dat de loftmobile brigade him net oan de miljeu-ôfspraken hâlden hat. Antwurd fan it ministearje wurdt oer in pear wiken ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)