Tryater lêst stik fan Troelstra

03 des 2002 - 00:00

Tryater bringt nije wike in tekst fan Piter Jelles Troelstra. Hy skreau it treurspul 'Zijn vrouw' yn 1903 basearre op syn houlik mei Nynke van Hichtum. It is foar it earst dat de tekst foar publyk lêzen wurdt. Skiedend direkteur Tineke Steenmeijer fan it FLMD hat de Nederlânske tekst modernisearre.

Tweintich Tryaterakteurs lêze de tekst 14 en 15 desimber foar. Se dogge dat yn har eigen gebou yn de Fiverskoalle yn kostúms en yn in ienfâldich dekôr.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)