Sipke de Boer wer yn Top 100

03 des 2002 - 00:00

Sipke de Boer út Warkum komt fan 'e wike mei syn single 'De mooiste vrouw' binnen yn de Top 100. De 22-jierrige sjonger stie earder mei it nûmer 'Je hebt me belazerd' yn de hitlist.

Sipke de Boer siet yn de band Skarl dy't twa jier lyn earste waard op it festival Liet. Mei syn lêste band Hannes en syn maten die er ferline jier ek mei oan Liet. Doe waard er fjirde. Sipke de Boer is dwaande in album op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)