Turfrûte wordt dochs útbaggere

03 des 2002 - 00:00

It Fryske diel fan de Turfrûte wurdt dochs útbaggere. De provinsje hat dat tasein yn petear mei de stichting De Nije Kompanjons, dy't de promoasje fan de rûte fersoarget. Foar't it nije farseizoen begjint wurdt de rûte oant ien meter tsien útdjippe. De stichting sil lâns de rûte wâlbeskoeiïng meitsje.

De rivier Tsjonger nei Aldeberkeap wurdt ek dregge. De nije haven dy't lêsten yn it doarp oanlein is, is noch min te berikken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)