Winsk nij sintrum op De Harkema

03 des 2002 - 00:00

Alle bern ûnder ien dak. Dat is al jierrenlang de winsk fan ferskate ynstellingen op De Harkema. Skoalle, berne-opfang, jongerewurk en de biblioteek moatte yn ien nij gebou ûnderbrocht wurde. De gemeente is dwaande mei in plan foar sa'n sintrum.

Mar it duorret de belutsen partijen, dy't al fiif jier wachtsje, te lang. It nije gebou soe neist de skoalle De Wynroas komme moatte. Neffens de gemeente kin it der yn twa jier stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)