Fûgelpits helpt net yn Galisië

© Omrop Fryslân
De meiwurkers fan de Fûgelpits yn Eanjum reizgje net ôf nei Galisië (Spanje) om de oaljefûgels te helpen. Neffens Gaatske Wiersma hat it gjin doel om't de oalje sa giftich is dat help allinnich útstel fan eksekúsje betsjut. It is better de fûgels dy't slachtoffer wurde binne fan de oaljeramp, in spuitsje te jaan.
Oant no ta binne der 500 fûgels oanspield. De oalje komt út de sonken tanker Prestige.