Jong Hearrenfean wint fan Twente

© Omrop Fryslân
De beloftes fan SC Hearrenfean wûnen moandeitejûn de lestige útwedstriid fan Jong Twente mei 1-2. Alle goals foelen yn 'e twadde helte. Bennie Vissers makke yn blessueretiid de winnende goal. De oare Hearrenfean-goal kaam fan 'e foet fan René van der Weij. Houwing makke foar Twente in kop-goal.
Yn 'e kompetysje steane de beloftes fan SC Hearrenfean no boppe oan mei 21 punten út 10 wedstriden. RKC stiet twadde mei 20 punten.