Jubileum Frysk Berneboek

© Omrop Fryslân
Der binne te min Fryske berneboeken foar de wat âldere jeugd. Dat fynt foarsitter Jant van der Weg fan de stifting It Fryske BerneBoek. De lêste jierren binne der benammen boeken foar pjutten en beukers útbrocht, om't dy ek aardich súksesfol ferkocht wurde.
Takom jier bestiet de stifting tsien jier. Ta gelegenheid dêrfan wurdt in skuorkalinder útjûn. Bern kinne dêrfoar ferhaaltsjes en gedichten ynstoere nei de Berneboekesjuery.