Doarpen oan de slach mei MFC

03 des 2002 - 00:00

Lippenhuzen en Nijeholtpea meie oan oare doarpen sjen litte wat der nedich is om in multifunksjoneel sintrum yn it doarp te krijen. Beide doarpen binne troch de stjoergroep Súdeast-Fryslân oanwiisd as proefprojekt.

Yn Lippenhuzen besteane plannen om it doarpshûs út te wreidzjen mei in sportseal en in plak foar de pjutten en it jeugdwurk. Yn Nijeholtpea soe it doarpshûs kombinearre wurde moatte mei in skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)