Learlingen nei Uganda

02 des 2002 - 00:00

Twa learlingen fan de Friese Poort en it Dockingacollege yn Dokkum sille as ferslachjouwer nei Uganda. It giet om Sandra Soepboer en Thomas van Dekken. Se meitsje diel út fan in groep fan 31 Nederlânske bern.

De learlingen meitsje ein febrewaris in reis nei Uganda. Se ûndersykje dêr de libbenswrâld fan har leeftydsgenoaten en geane nei skoallen ta. Werom yn Nederlân dogge se ferslach op skoallen en yn de media.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)