Strop foar Boalserter swimbad

© Omrop Fryslân
It swimbad yn Boalsert hat tûzenen euro's skea, om't de douches noch hieltiten net te brûken binne. Hast in moanne lyn is legionella konstatearre yn it douchewetter. Dêrnei binne de douches ôfsletten.
It swimbad is no al iepen, mar der komme yn 'e wike tsientallen minsken minder. Dy bliuwe fuort om't se har net mear ôfspiele kinne. Oer in wike as twa moatte de douches wer brûkber wêze.