Fotokolleksje foar Wûnseradiel

02 des 2002 - 00:00

De gemeente Wûnseradiel hat moandei in bysûndere fotokolleksje krigen. It giet om twahûndert foto's fan monuminten, tsjerke-oargels, mûnen en pleatsen.

De foto's binne makke troch Tsjeard Gietema en wiene eigendom fan de stifting Piaem. Dy set har yn foar behâld fan histoaryske gebouwen yn de gemeente. De foto's kinne no faker brûkt wurde foar eksposysjes. Takom jier komt der ek in boek út mei de foto's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)