Roomsk gebou Frjentsjer opknapt

02 des 2002 - 00:00

Yn Frjentsjer is moandei út ein set mei it opknappen fan it Roomsk gebou. It âlde Jugendstilgebou út 1908 is slim fertuteazge. It wurdt restaurearre en krijt der in nij diel by.

De gemeente wol mei it opknappen fan it gebou en it oangrinzjende Martini- plantsoen mear winkelpublyk nei it sintrum lûke. Yn it Roomsk gebou komme de VVV en de bybleteek. De restauraasje moat oer in jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)