Mear spesjalisten nei sikehuzen

02 des 2002 - 00:00

Yn de opliedingssikehuzen yn Noardeast-Nederlân komme 200 ekstra medyske spesjalisten. De sikehuzen wolle sa de wachtlisten ynkoartsje. De nije spesjalisten geane nei it MCL, twa sikehuzen yn Grins en trije yn Oerisel. It Ljouwerter MCL krijt 28 spesjalisten.

It is foar it earst yn Nederlân dat in groep sikehuzen sa de hannen yn elkoar slacht om meiïnoar mear dokters op te lieden. Moandei ha de fersekerders de oerienkomst ûndertekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)