Fuotballer mei foarke stutsen

© Omrop Fryslân
Op it fuotbalfjild fan Surhústerfean hat in spiler sneintemoarn in spiler fan de tsjinstanner mei in foarke stutsen. Op it sportpark wie de wedstriid Surhústerfean 2 tsjin Jobbegea 3. In spiler fan de thúsklub, in jonge (16) út Gruttegast, krige in giele kaart en letter in reade.
De spiler gie fan it fjild ôf en helle in foarke út de kantine. Dêrmei stuts er in spiler fan Jobbegea (23) yn de nekke. De fertochte is ferdwûn.