Andriesen listlûker PvdA

© Omrop Fryslân
Anita Andriesen wurdt definityf listlûker fan de PvdA foar de provinsjale steaten. Dat waard sneon bepaald op in partijbyienkomst op it Hearrenfean.
Der wie gjin diskusje oer har posysje. Dy wie der wol oer it twadde plak. Op de konseptlist stie Janny van der Molen, mar guon oanwêzigen hiene sittende deputearre Mulder op dat plak hawwe wollen. Dat is net oernaam, sadat Mulder no op it tredde plak stiet.