Bilker is teloarsteld

© Omrop Fryslân
Boargemaster Bilker is teloarsteld oer de gong fan saken oangeande it beslút de Kollumerwaard oan te wizen as gebiet foar de opslach fan fjoerwurk. It stekt B en W dat der yn it foar gjin oerlis west hat mei it kabinet en de gemeente.
De gemeente Kollumerlân wol dat der in iepen debat komt yn de Twadde Keamer oer de tawizing. Boppedat wol de gemeente finansjeel kompinsearre wurde. Bilker fynt dat de gemeent net foar de kosten fan de opslach opdraaie mei.