Cambuur spilet lyk tsjin Helmond

30 nov 2002 - 00:00

Cambuur hat freed foar eigen publyk tsjin Helmond Sport mei 1-1 lyk spile. Schaap makke yn de tsiende minút al in goal. Yn de 61e minút koenen de Ljouwerters ek skoare. Bruin wie de gelokkige nei in strafskop.

It wie it earste lykspul foar Cambuur yn de kompetysje fan de Gouden Gids divyzje. Twa eardere treffers fan him waarden ôfkard. In lytse 5000 taskôgers seagen dat Cambuur nei rêst better tsjinwicht bea oan de gastspilers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)