Oernamekandidaat foar Westerbaan

29 nov 2002 - 00:00

Boubedriuw Friso út Snits wol it fallite boubedriuw Westerbaan oernimme. Friso hat him melden by de kurator. It is noch net bekend oft dy yngiet op de ynteresse. Neffens Friso passe de aktiviteiten fan Westerbaan goed by de Snitser oannimmer.

Westerbaan is tongersdei troch de rjochter fallyt ferklearre. It bedriuw hat mear as tsien miljoen euro skuld. Santich fan de hûnderttweintich wurknimmers krigen koartlyn dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)