Dongeradiel wol mear Frysk brûke

29 nov 2002 - 00:00

Dongeradiel sil it brûken fan de Fryske taal fierder stimulearje en útwreidzje. Sa sille der ekstra ympulzen jûn wurde oan de maatskiplike gebieten ûnderwiis, foarskoalse opfang, kultuer- en âldereinbelied. Dat stiet yn de konseptnota Frysk Taalbelied 2003-2006.

De nota waard tongersdei behannele yn de kommisje Finânsjes. VVD en CDA fine dat it brûken fan it Frysk net oer- dreaun wurde moat. Sa soe de tillefoan yn it Nederlânsk opnaam wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)