Nijpels chat mei jongerein

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels wol faker chat-sessys hâlde mei jongeren. Tongersdei die er it foar 't earst. Mei-elkoar 12 jongeren praten doe fia de kompjûter mei him oer ûnder oaren de sweeftrein, files en eutansy. Ek de jongeren - tusken de 16 en 18 jier - reagearren nei ôfrin entûsiast.
Yn it earste kertier wiene der wat technyske problemen. Der is noch gjin datum foar in nije chat-sessy fêststeld.