Hurdere oanpak fjoerwurkoerlêst
Plysje Fryslân sil dit jier stranger en hurder optrede tsjin jongeren dy't mei fjoerwurk oerlêst feroarsaakje. Plysjes kinne no by oertrêdings in saneamd miny-prosesferbaal útskriuwe. De oertrêders komme dan earder by buro Halt telâne foar in passende taakstraf.
Op 2 jannewaris moatte alle oertrêders fjoerwurkresten opfeie yn har eigen omjouwing. Tongersdei waard yn Ljouwert it offisjele startsein jûn fan de fjoerwurkkampanje fan de plysje en Halt.