Ynspeksje tikket PCBO op fingers

28 nov 2002 - 00:00

It PCBO, it protestants kristlik basisûnderwiis yn Smellingerlân moat ynkoarten foar de rjochter ferskine. Reden is dat de skoallen har net hâlde oan de arbeidstidenwet. Leararen binne bygelyks ferplicnte om alle oeren op te skriuwen dy't sy oan skoalle besteegje. Ek saken as it thús in fakblêd lêze.

It PCBO Smellingerlân fynt de regels te burokratysk. De arbeidsynspeksje hat dêrom in proses-ferbaal útskreaun. De saak tsjinnet op 5 desimber yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)