Nije kampanje foar bioprodukten

© Omrop Fryslân
Fryske biologyske boeren betelje sels in reklamekampanje foar har produkten op de Fryske tillevyzje. Ferline jier hat de stifting Soune Groun, dy't him ynset foar de promoasje fan biologyske produkten, al in kampanje opset. Dy hie súkses en dêrom wolle de bioboeren en Soune Groun him herheljen.
Friesland Coberco is frege om mei te beteljen, om't de produkten dêrfan ek yn byld komme. It suvelbedriuw wegeret dat. De boeren betelje no de 3000 euro.