'Ljouwert net brânfeilich'

© Omrop Fryslân
Der is te min tafersjoch op de brânfeiligens fan gebouwen yn de gemeente Ljouwert. Dêrtroch binne net alle hoarekagelegenheden en sealen dêr goed neisjoen op brânfeiligens.
Yn de Harmonie yn Ljouwert wie tongersdei in kongres oer hanthavenje, om't Ljouwert dêr in lanlike priis foar wûn hat. Boargemaster Mans fan Enschede en Bulte fan Edam-Volendam fierden dêr ek it wurd. Beiden makke in grutte ramp mei yn harren gemeente.