Thomas sil maratonride

27 nov 2002 - 00:00

Nei de maratonneurs mei súkses op de langebaan - lykas Henk Angenent en Gretha Smit - wolle ek hieltiid mear langebaanriders in skot weagje op 'e maraton. It kommende wykein sille ûnder oaren Annamarie Thomas en Barbara de Loor meidwaan oan de sande wedstriid om de Essent-Cup yn Amsterdam.

Njonken Thomas en De Loor sille ek Marja Vis, Mark Tuitert en André Vreugdenhil meidwaan oan de wedstriid op de Jaap Edenbaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)