Diskusje oer takomst NOM

© Omrop Fryslân
De provinsje wol in diskusje oer de takomst fan de Noardlike Untwikkelings- maatskippij, de NOM. Foar it jier 2005 moat de provinsje dúdlik hawwe hoe't de NOM fierder moat. De diskusje moat gean oer in mooglike privatisearring en de rol fan de NOM yn ûntwikkelings- projekten.
Dit alles betsjut net dat de provinsje gjin takomst mear sjocht foar de NOM. Neffens har hat de NOM in wichtige rol by ynvestearrings yn it Noarden.