Provinsje: Westerbaan hat ôfdien

© Omrop Fryslân
De provinsje hat gjin fertrouwen mear yn boubedriuw Westerbaan. It bedriuw, dat yn finansjele swierrichheden sit, wie dwaande mei de bou fan tydlike húsfesting foar amtners fan de provinsje. Dy bou leit no stil en dat soarget foar fertraging.
De tydlike húsfesting is nedich foar de grutte reorganisaasje fan de provinsje. Der wurde no petearen mei oare boubedriuwen fierd. Dy moatte it wurk sa gau mooglik ôfmeitsje.