Projekt foar feiligens skoallen

© Omrop Fryslân
Buro Halt Friesland stipet de kommende twa jier de Ljouwerter skoallen om de feiligens dêr te ferbetterjen. It buro hat dêryn ûnderfining opdien yn Grinslân. Neist Halt Friesland en de skoallen binne ek de gemeente Ljouwert en de plysje by it projekt belutsen.
Earder dit jier stelden de riedsleden Van Olffen en Feddema it probleem fan narjen op skoallen oan de oarder. Yn it Halt-projekt binne punten fan harren meinommen. Der komt 45.000 euro foar.