Duurzaam Watersysteem Potmarge

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert set de kommende moanne útein mei it moaier en skjinner meitsjen fan it rivierke De Potmarge. Foar it projekt, dat yn 2004 klear wêze moat, is in lytse 3 miljoen euro beskikber. Dat jild komt benammen út subsydzje fan Brussel, provinsje en de Fryske wetterskippen.
De omwenjenden waarden tiisdei op 'e hichte brocht fan de plannen fan de gemeente. De reaksjes wiene foarearst posityf.