Byld Bosma al 42 kear stikken

26 nov 2002 - 00:00

It houten fiskersbyld fan Bosma út Boalsert is it ôfrûne wykein wer fernield. Al foar de 42ste kear. Bosma (70) makke it byld sân jier lyn. De fisker stiet foaroerbûgd oer de brêge by syn hûs oan de Tsjerkestrjitte.

De angel dy't de man beethâldt is stikken en de seemearminpop is yn it wetter smiten. Bosma makket it byld alle kearen wer kompleet, mar hat stadichoan skjin syn nocht fan de fernielerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)