Drinte: bestjoer NNBT net fuort

26 nov 2002 - 00:00

Provinsjale Steaten fan Drinte fine dat it bestjoer fan it NNBT net fuort hoecht. Sûnder stipe fan de Drinten kinne Fryslân en Grinslân it bestjoer net oan de kant sette.

It bestjoer fan it Noard-Nederlânsk Buro foar Toerisme leit al in skoft ûnder fjoer. It bestjoer wurdt ferantwurdlik hâlden foar de finansjele swierrichheden. Ferline wike presintearre it NNBT de plannen foar takom jier. Der wurdt winst ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)