Tsjerketuorren opknapt

26 nov 2002 - 00:00

Fiif doarpen yn de gemeente Dongeradiel ha wer in kreaze tsjerketoer. Mei monumintebehâld hat de gemeente de restauraasje feestlik ôfsluten. De tsjerketoer yn Jouswier is foar 20.000 euro opknapt, foar de toer yn Easternijtsjerk wie 60.000 euro nedich.

Yn fiif jier moatte alle 26 tuorren yn de gemeente opknapt wurde. It projekt moat takom jier klear wêze. Noch njoggen tuorren moatte opknapt wurde. Dan kinne se der wer 200 jier tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)