Jildpine by feeboeren grutter

26 nov 2002 - 00:00

Hieltyd mear molkfeehâlders komme yn de problemen fanwege de lege molkpriis. De boeren hawwe ôfspraken makke op basis fan de molkepriis fan ferline jier, mar krije dit jier folle minder foar de molke.

Neffens foarsitter Van Weperen fan de fakgroep Molkfeehâlderij fan de NLTO moat de oerheid útwreiding fan de bedriuwen makliker meitsje. Troch skaalfergrutting kinne de kosten omleech brocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)