Winst foar Fryske belofteteams

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur wûn moandeitejûn yn eigen stadion mei 3-2 fan 'e beloftes fan Stormvogels/Telstar. Doelpuntemakkers foar Cambuur wiene Menno Reinders, Ruben Schalken en Jelmer Slager.
Jong Hearrenfean hie moandeitejûn net al te folle muoite mei NAC. Yn Breda wûnen de Feansters mei 0-3. De goals kamen op namme fan de Gryk Samaras, Niels Kokmeijer en Mark Jan Fledderus.