Opknapbeurt foar sintrum Koudum

© Omrop Fryslân
It sintrum fan Koudum wurdt yngripend oanpakt. Der komme bankjes, mear iepenbier grien, nije strjitstientsjes, oare strjitlampen en in plein by de tsjerke. Ek komme der opnij stoepen by de strjitten yn it sintrum del.
De Koudumers hawwe al langer as 15 jier plannen om it doarp toeristysk oantrekliker te meitsjen. It plan moat noch besprutsen wurde yn it doarp en de gemeenteried. De kosten wurde rûsd op mear as 2,5 miljoen euro.