EU-regel hjir net neilibbe

26 nov 2002 - 00:00

De EU-regel út 1996 dy't seit dat alle rydbewizen fan EU-lannen jildich binne yn de hiele EU, wurdt yn Nederlân net neilibbe. Bûtenlanners dy't hjir wenje, moatte in nij rydbewys keapje.

Dat is de ûnderfining fan Ingelsman Bradley fan Hegebeintum. Mei syn Ingelsk rydbewys mei er op frachtweinen oant 7,5 ton ride. Yn Nederlân moat dêrfoar in spesjaal rydbewys helle wurde. De âld-plysjeman út Oxford leit him der net by del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)