Caparis moat ynkrimpe

26 nov 2002 - 00:00

Wurkfoarsjenningsorganisaasjes Caparis moat 20 oant 30 minsken ûntslaan. Fanwege de Wet Sociale Werkvoorziening hoecht Caparis takom jier minder minsken oan wurk te helpen. De ûntslaggen falle benammen op it nivo fan direksje en stêf.

De reorganisaasje komt noch gjin jier nei it offisjele begjin fan Caparis, dat ûntstean is út in fúzje tusken DSW en de Woudengroep. It tal festigings giet ek fan tsien nei fjouwer werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)