Aksje tsjin ôfskaffen winter-ww

25 nov 2002 - 00:00

Skilders en boufakkers út hiel Noard-Nederlân ha moandei aksje fierd. Se binne it net iens mei it ôfskaffen fan de winterútkearing.

Yn Drachten kamen fjouwerhûndert leden fan it FNV by inoar. Sy binne benaud dat se yn finansjele swirrichheden komme as de winter-ww net mear bestiet. It kabinet is fan doel om dy útkearing foar seizoenswurk ôf te skaffen. It FNV wol de plannen keare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)