Firus bedriget bijen op eilân

25 nov 2002 - 00:00

In ûnbekend firus bedriget de bijepopulaasje op Skiermûntseach. Fan de 35 bijefolken dêr binne der noch mar acht oer. It bijetyltstasjon sprekt fan in soarchwekkende sitewaasje.

Op Skiermûntseach is in grutte populaasje fan in spesjale soart, de carnicabij. De acht bijefolken dy't der noch binne, binne tige swak. "Wy binne benaud dat se de winter net oerlibje," sa seit Charpentier fan it bijestasjon. Mooglik hat in myt it firus oerdroegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)