Bermen yn bûtengebiet ûnfeilich

© Omrop Fryslân
De bermen yn it bûtengebiet binne der sa min oan ta dat se hieltiten minder feilich binne. Benammen fytsende skoalbern ha dêr lêst fan. De bermen binne oantaaste troch te swier ferkear op de lytse dykjes.
De Fryske gemeentes wolle lanlike regels oer hokker ferkear op de lytse dykjes komme mei. De problemen binne ûntstien nei't yn 2000 de eardere B-diken iepensteld binne foar alle foarmen fan ferkear.