Underhâld âlde skoallen Folgeren

© Omrop Fryslân
Wykried De Folgeren yn Drachten fielt him net serieus nommen troch de gemeente Smellingerlân. Dat hat te krijen mei de beslútfoarming oer de komst fan in megabasisskoalle. Mei dat beslút is der ek in ein kommen oan it ûnderhâld fan de âlde skoallen.
De wykried hat der al ferskate kearen by de gemeente op oantrune dat der daliks wat dien wurde moat oan de technyske steat fan de gebouwen. Neffens de ried wurdt der net nei harke.