Angenent ferrast op Thialf

© Omrop Fryslân
Maratonrider Henk Angenent hat snein yn Thialf foar in ferrassing soarge. By de World Cup-wedstriden sette er op de tsien kilometer in prima tiid del: 13.35,54. In heale minút ûnder syn PR.
Angenent waard mei syn tiid twadde yn de B-groep. Wichtiger wie dat yn de middei Olympysk kampioen Uytdehaage en Romme stadiger wiene as him. Angenent hie fan de Nederlanners de tredde tiid, sadat er wierskynlik meidocht oan it WK-ôfstannen.