Barbara de Loor 3de op 5km

23 nov 2002 - 00:00

Claudia Pechstein wûn sneon de worldcup reedriden yn Thialf op 'e 5 kilometer. De Dútse die 7.02'91 oer de ôfstân. De Kanadese Clara Hughes waard twadde yn 7.04'35. Barbara de Loor waard tredde yn 7.10'09. Se ried dêrmei folle better as ferline wike yn Erfurt.

Jenita Hulzebosch-Smit waard fjirde yn 7.11'44. Sy ferbettere har persoanlik rekord mei 23 sekonden. Har suster Gretha Smit waard sechde yn in tiid fan 7.14'16.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)