VV Snits ferkeapet fjilden

23 nov 2002 - 00:00

Fuotbalferiening Snits ferkeapet de fjilden oan de gemeente foar 285.000 euro. De feriening docht dit fanwege finansjele problemen. Troch de ferkeap is VV Snits yn ien klap út de skulden. Snits makke skulden doe't se noch yn 'e haadklasse spilen. Snits helle doe spilers fan bûten, dy't de feriening in soad jild kosten.

Snits degradearre ferline jier nei de 1e klasse. De Snitsers wolle graach wer hegerop, mar dan wol mei eigen spilers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)