'Minimumstraffen helpe net'

© Omrop Fryslân
Haadoffisier fan justysje Den Hollander is tsjin de ynstelling fan minimumstraffen. It probleem mei kriminaliteit is grut, ek yn Fryslân. De ynstelling fan dy minimumstraffen is net in oplossing.
Neffens Den Hollander moat in oplossing socht wurde yn in flotte en stevige oanpak fan saneamde draaideurkriminelen en in bettere gearwurking tusken helpferlieners.