Preemje foar Fryske keatsers

© Omrop Fryslân
De Fryske keatsers hawwe de earste premmje te pakken. Op it WK-keatsen yn Argentinië waarden se freed twadde by it ûnderdiel Europeesk Spul. Yn de finale ferlearen se fan har grutte konkurrint Spanje mei 30-24.
Sneon steane de Friezen en Spanjaarden wer foar elkoar oer. Dan yn de finale fan de spulsoart Llargeus, ek wol bekend as jeu de pilote.